Home
Nederlands  |   English  |   Frysk
Meer muziek in uw organisatie

Annie Hoekstra en De Swingel

Annie Hoekstra sette ein 2006 útein mei De Swingel. Dêrfoar wurke se jierrenlang as helpferliener en as Consultant yn it ûnderwiis. Opdrachtjouwers en partners omskriuwe har as motivearre, saakkundich, praktysk en mei beide fuotten op 'e grûn.
".....mar hjoed is der gjin hâlden oan. Hjoed set ik útein en haw de wink begrepen. Alle bergen wol ik nimme alle paden wol ik gean en libje yn de delling fan de frede." Berber van der Geest

Netwurk fan saakkundigen

Annie stipet organisaasjes en meiwurkers by feroaring en groei. Dêrneist is se sels altyt dwaande mei har eigen groei. Hja makket diel út fan in Ynternasjonale ynterfyzje-groep fan superfisoren en organisaasje-adfiseurs. Sûnt 1989 is se aktyf behelle yn in grut ynternasjonaal netwurk fan kounselors. 

Ynspiraasje
Ien fan de ynspiraasjeboarnen fan Annie Hoekstra is in útspraak fan skriuwer en dichter Maya Angelou:
The question is not how to survive, but how to thrive with passion, compassion, humor and style.

“Dy ynspirearjende sin fan Maya Angelou reizget al jierren mei my mei. Koart en bûnich jout it wer wat De Swingel beweecht: Libje yn stee fan oerlibje. Krêft yn stee fan slachtoffergedrach. Stappen sette yn stee fan opjaan. Utfine wêr’t je it bêste ta je rjocht komme. Nije wegen, ynspiraasje fine foar jo organisaasje. Wurkje oan groei. Leare te learen. Altyd mei passy, leafde en humor.”

  • Lid fan it Teamrolgilde
  • Registrearre by de LVSC ûnder nûmer S 11488 H
 
De Swingel biedt    |    Opdrachtjouwers    |    Partners    |    Annie Hoekstra    |    Oare links    |    Kontact